Lykberjochting foar it Fryske folk troch ynset foar de Fryske taal en identiteit. Gean foar autonomy mei bettere & bredere kontakten tusken de Fryslannen.
Hie kening Redbad it al oer it Walhalla? It soe samar kinne! 😁
Woden ferskynde yn in dream oan Redbad en sei: "Bliuw by dyn leauwen en dan krijst fan my in prachtich hjirneimels." - liet 8e iuw -
https://t.co/vm0WgsGBxo
Allegear moai en aardich, dat Plakkaat van Verlatinghe, mar wy hawwe hjir noch altyd it privileezje fan de Fryske frijheid, befêstige fan Roomsk-kening Sigismund yn 1417.
#FryskX
Foar yn it bûsboekje: sneon/saterdei 26 septimber 2026, betinking Slach by Warns by it monumint op it Reaklif, mei as tema ‘Frysk is mear as taal’ en 75 jier Stifting Slach by Warns!
https://t.co/pYoaPehbd9
#FryskX
#Hjoed yn 1898 waard Fedde Schurer berne yn #Drachten. Hy waard ûnderwizer, sjoernalist, taalaktivist en Frysktalich dichter. In rjochtssaak tsjin him yn 1951 late ta #Kneppelfreed, in opskuor dy't in ferbettering fan 'e posysje fan 'e Fryske taal fan gefolgen hie.
#FryskX
@Tresoar Skriuw mar Frysk of Ingelsk. In minderheidstaal of ynternasjonale taal is ynklusyf. It Nederlânsk bliuwt de taal fan de oerhearsker en is minder ynklusyf
#Hjoed yn 1523 waard Wijerd Jelckama ûntholle yn #Ljouwert nei't er finzennommen wie. Hy wie as opfolger fan syn omke Grutte Pier sûnt 1520 de lieder fan de Arumer Swarte Heap, it Fryske leger dat tsjin de Habsburgers stried foar in frij #Fryslân.
#FryskX
#Hjoed yn 1881 waard it @FriesMuseum fan it @KFGenootschap iepene yn it Van Eysingahûs yn #Ljouwert. It soe dêr bliuwe oant de ferhúzing nei it nije museumgebou yn 2013. It Van Eysingahûs is noch altyd in museum en is no yn it behear fan @Hdkeyser.
#FryskX
Demokrasy is wichtich. Lykwols is in autonoom Fryslân miskien wol bepalender foar ús takomst. Wy hawwe in wurkgroep autonomy. Meld jim by ús! Wy hawwe altyd ferlet fan aktive minsken. https://t.co/E2r2QxDcdv
Op 'e nij in moaie sportdei yn #Fryslân. #Admiraalsilen yn Heech by 70 jier #SSRP. De âldste behâldorganisaasje mei prinses Beatrix as beskermfrou. 15 eskaders yn de striid foar de haadpriis. 👍
De stipe foar it #Seelterfrysk wurdt stap foar stap útboud, fertelt #meenteboas Otto fan de gemeente #Seelterlound by de ûntfangst fan in grutte delegaasje fan it #EBLT. It is ek nedich, want mar in bytsje bern ‘baale’ #Saterfriesisch.
𝗣𝗿𝗶𝗺𝗲𝘂𝗿: Tsiende-iuwsk Fikingswurdfragmint fûn yn Fryske boaiem ⚔️
@friesmuseum & Fryske Akademy presintearje in fragmint fan in Fikingswurd út de 10de iuw, fûn by #Wytmarsum. It is in ‘pommelkape’, dy’t ea it hânfet fan in swurd bekroande.
🌐 https://t.co/gImD5JWfr6