Hans Brander fan Nijetrine hat sa'n hûndert kettingseagen, mar hy neamt himsels gjin samler. Hy is bewarder, seit er en past op al it moais dat oan "knetterbilen" by him binnenkomt. #HEA! #omropfryslan sjoch hjir de útstjoering: https://t.co/eosggTNUDc
De bouploech Om ‘e dyk fan Droegeham is manmachtich dwaande mei harren wein foar de Gondelfeart op tsjillen. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir: https://t.co/xOf0TGl3cL
De 20-jierrige Marijke de Vos fan Jirnsum hat, mei help fan pake Lammert en heit Wim, in knaloranje, mear as 40 jier âlde Volkswagen T3 hielendal restaurearre. It buske wie net mear as in kasko, mar is no in pronkje. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir: https://t.co/3UW6ZSEUqW
Yn Boalsert wurdt it Frysk kampioenskip ringstekken om De Gouden Swipe holden. Yn twa kompetysjes stride de kombinaasjes om de prizen. #HEA! #omropfryslan sjoch hjir nei de útstjoering: https://t.co/HMYhbJGpLm
Yn it Wrakkenmuseum fan Hille van Dieren op Skylge is de bút te sjen fan tsientallen jierren wrakdûke en strânjutte. En in selsboud earbetoan oan syn ferstoarne frou. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir: https://t.co/QzgdSEO4gl
Bennie Hettinga is al 40 jier boerehelp by de famylje Gerbrandy yn Jirnsum. Elk momint dat hy net oan it wurk is by Empatec, helpt hy op’e pleats. En dat wurk fynt Bennie machtich. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir: https://t.co/rTsInwHilu
Alle sneontemiddeis is der by de bruorren Walinga fan Aldegea SWF in skuorreferkeap. It giet de bruorren net echt om de ferkeap, mar om de gesellichheid en de neisit met bier en moai praat. #HEA! #omropfryslan sjoch hjir de útstjoering: https://t.co/RxVv3rFERT
De HEA!-caravan hâldt dizze kear stil by de Frije Cross fan Blije. Op syk nei moaie ferhalen en bysûndere minsken treffe we Durk Oberman, dy't in man fan tradysjes is. Janko Swieringa nimt ús mei it cross-circuit op en fiif famkes bringe in bysûnder liet. #HEA! #omropfryslan
It begûn allegear mei in HEA!-fûgelhokje, mar yntusken hinget de hiele Drachtster Kompenije fol mei aparte fûgelhokjes. Harrie van der Heide set humoristyske teksten op de hokjes ûnder it pseudonym 'Peke'. #HEA! #omropfryslan sjoch hjir nei de útstjoering; https://t.co/XxuRUSlIPc
It lytste en faaks ek moaiste fuotbalklupgebou fan Fryslân hat in opknapbeurt krigen. It is it ûnderkommen fan Stormvogels ‘64 fan Achlum. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir de útstjoering ⬇️
https://t.co/DAmXkNeJ6l
De HEA!-caravan stiet dizze kear yn Winsum. Grinzer Berend Dales is foar de leafde nei Fryslân kommen, iepen dei by Wassenaar en FC Ommen soarget foar spektakel op de fierljepskâns. Jûn yn #Hea! #FC_Ommen#OmropFryslân sjoch hjir de útstjoering:https://t.co/QsWknTPUD6
Keunstner Louis Hagen hat fan syn tsjerke-atelier yn Arum in reedrydmuseumke makke. Sa is dêr syn enoarme kolleksje âlde houten redens te bewûnderjen. #Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir de útstjoering:
https://t.co/iPGmJfDAc6
Linda Sinnige fan Blesdike is yn de besnijing fan hoepen. Se jout workshops hoepjen en hat der sels in boek oer skreaun. Want it blide gefoel dat hoepjen har jout wol se diele.
#Hea! #OmropFryslân
Sjoch hjir de útstjoering: https://t.co/401G5rJKdq
Suzanna Hoeksma út Kleaster-Lidlum fluitet har hiele libben al en dat nimt profesjonele foarmen oan. Se docht as iennichste Europeaan mei oan it WK keunstfluitsjen yn Japan.#HEA! #omropfryslan#kunstfluiten
Gert Jan Oosterkamp fan Munnikebuorren giet geregeld nei begraafplak #Zorgvlied yn Amsterdam, hjir lizze de grêfstiennen fan bekende Nederlanners lykas Herman Brood en Ramses Shaffy. #Hea#Omropfryslan
Sjoch hjir: https://t.co/FfnHraPN20
De Frjentsjerter hearekappers Auke en Saban steane al 30 jier tegearre yn de saak. De grappen en grollen fleane de klanten om de earen ûnder it knippen. #Hea! #OmropFryslân
It wurd geraniums komt yn it wurdboek fan Broer Zeldenrust (75) en Sjoukje Faber (82) net foar. Se binne alle wykeinen op de dûnsflier te finen. Benammen fan blues wurde se bliid. #OmropFryslan#Hea#Blues
https://t.co/6GsqDRG88O