Fantastysk nijs! Alaarm troch de supermerken. Dat betsjut dus dat se och sa'n begrutsjen mei ús hawwe. Ik wist it, ik wist it, ik wist it!!! Hup supermerken, hup.
Ik leau dat wy de hiele godgânske simmer geskriem om Cambuur hinne oanhearre moatte. Ik soe sizze: sko dat stadion plat en set der huzen op en skaf dat bongeljen mei dy bal ôf, dan ha in pear lju der mooglik wat oan.
Dat liket der mar op al hie it foar it miljeu noch folle better west oft dy motor der noait west hie. Dat rûntsjeriden is in folslein ûnnutte aktiviteit.
Ik bin fan fan de Hema. Omdat jo dêr op jo gemak fia ynternet bestelle kinne, se it guod foar jo klear sette en jo pas hoege te beteljen by it opheljen. En se in winkel ha yn Sint Anne sadat jo net nei de sitty hoege dêr't ik fan dokter eins ek net komme mei.
Der is yn Ljouwert dizze moanne al sawat trije kear safolle wetter fallen as hjir by my. Oft de helptsjinsten en nijslêzers dat allegearre mar oan kinne. Wy moatte gjin deaden ha.
Krekt, jawol. Wat wer in eklatant súkses. En ha wy ek yn 'e gaten dat dy koalysjepartijen dat as it har sa útkomt lêze sille as "akkoarden dy't geane oer oproppen ta [...]"?
No, tige tank foar it meitinken dan mar wer. Mar dat oanbod fan jim is djoerder as wat ik no ha. Ik bin nei in hoartsje neitinken dan ek ta de konklúzje kommen dat jim tinke dat ik gek bin. Ik bin der lykwols wis fan dat dat net sa is.
Netanyahu sil Beiroet net oanfalle, skriuwt Trump op syn digitale bledsje. Hy seit der net by dat er no yn wêzen it loophûntsje fan de ayatollahs is mar dat is dus sa. En ik kin jim sa wol sizze dat froulju en oaren yn Iran dêr neat oan hawwe. En wy ek net.
De Fryske Trumpiaantsjes wurde aloan stiller. Giet it net sa goed mei harren grutte held en selsbeneamde replika fan God of is er der stikem efkes tuskenút pykt foar in petearke mei de duvel of sa?
Hjoed 3 hiemdoggen (twa Rottweilers en ien Mechelske herder) yn behear. De jongste fan de klup seit: ik ha jo hjir presys ien kear earder sjoen en jo moatte net tinke dat ik no op kommando skyt en miich. Ik gean hjir yn 'e sinne lizzen en dat is it.
By Jinek hiene se it krekt oer pakketbesoarging. Nimmen fan it omsittend laach kaam op it idee dat de pakketbestellers slavedriuwers binne. Dat is lykwols al sa. Dat sit al dy blanke idioaten dúdlik yn 'e genen.
Ynformaasje lykas hjirûnder berikt it folk dus net. Sadwaande moast ik fan 'e moarn foar de safolste kear útlizze dat net alle asylsikers geloksikers binne. Mar ik kin echt net tsjin Wilders en Van der Plas op. Wurdt der ferskuorrende wurch fan.
https://t.co/1Z1flsJa8E
Moat oppasse op in nije, jonge hiemdogge dy't noch leare moat wat in hiem is en dêrom stroomtried tsjinkomme kin dêr't gjin hiem is. Mar myn auto is gjin hûn dat dy ôfsetting is no rampoai. It hûntsje (in libbensgefaarlike Rottweiler) hat my net deabiten.
It giet poerbêst mei it Frysk. 88% jout oan it net skriuwe te kinnen en 8 jier lyn wie dat noch 89%. Alle reden dus foar bulten tsiis, woarst, drank en gebak foar politisy en oare gekken. En opslach foar it managemint (lês: ynklauwerige pommeranten) fansels.
No, dat soe tiid wurde.
No graach alle út Amearika oanstjoerde idioaterij fan big tech om AI hinne noch ferbiede en útbanne. En net allinnich foar bern oant in jier as 15 of sa mar foar elk.
https://t.co/nanaCrE4QF
Ik sjoch dat it och sa libbene bloch oer de Bûnspartij al om 19.45 oere iepene is.
Och, och. Hoe soe it mei Fryslân fierder moatte as wy it Omroepke net hiene.
Mar gau in knoarre subsydzje oermeitsje dan kin it ferdylgjen fan it Frysk en alles wat mei Fryslân anneks is troch.
“Dat apps nog niet aan de regels voldoen of risico's kunnen opleveren, is voor het ministerie bijzaak.”
Wel ja, dy merkwurking is echt fantastysk, is't net sa?
https://t.co/SfxpWxqzwQ